In doar is in beweechber boukundich ûnderdiel ta ôfsluting en tagong fan in romte yn in gebou of in fiertúch. Doarren fan fiertugen wurde ek wol portiers neamd. Yn in gebou bestiet in doar ornaris út in paniel dat oan ien kant mei hingen fêstsit op harren en dêrtroch iepen en ticht swongen wurde kin, of in paniel dat fan boppen mei tsjiltsjes op in rail hinget en dêrtroch hinne en wer (iepen en ticht) skood wurde kin. In doar dy't iepen en ticht skood wurdt, hjit in skodoar. Yn Nederlân binne de hichte en breedte fan doarren yn it Boubeslút fêstlein. Bêdtagonklike doarren yn sikehuzen en oare soarchynstellings moatte teminsten 120 sm breed wêze; foar doarren yn partikuliere wenten kin it mei in breedte fan 80 sm ta. De âldst bekende doar yn Nederlân is yn 2002 by argeologyske opgravings yn Alfen oan de Ryn fûn en datearret út 'e earste iuw. De âldste doar fan 'e wrâld is yn Switserlân fûn en is likernôch 5.000 jier âld.

Dizze side giet oer it boukundich ûnderdiel. Foar it tydskrift, sjoch: Doar (tydskrift).
Thumb
In foardoar.
Thumb
Doar

Doel

Doarren wurde brûkt om 'e tagong ta in fysike romte te behearskjen en minsken, bisten, siging en/of kjeld, waarmte, ljocht en smoargens bûten (of krekt yn) dy romte te hâlden. Se kinne bedoeld wêze as barriêre tsjin lawaai of befeiliging tsjin (fersprieding fan) brân (de brândoar), mar ek poer foar privacy brûkt wurde. Ofhinklik fan 'e sitewaasje is it faak fatsoenlik om op in doar oan te klopjen ear't men in romte binnengiet dy't yn gebrûk is, of sels om dan te wachtsjen oant de persoan(en) yn dy keamer jin deryn nûgje (bgl. by sliepkeamers, klaaikeamers of romten dêr't formele gearkomsten holden wurde). Doarren hawwe ek in estetyske rol troch it skeppen fan in yndruk fan wat derefter leit. Se kinne ek fan symboalyske wearde wêze, wêrby't it bewekjen of oerdragen fan 'e kaaien (fan it slot) fan in doar in bysûndere betsjutting hawwe kin. Yn it ferlingde dêrfan wurdt de metafoar fan in doar yn 'e literatuer faak brûkt as in foarteken foar feroaring.

Thumb
In âlde bûtendoar yn Georgje.

Underdielen fan doarren

De hingen fan in doar wurde ek wol de doarbannen neamd. De hingen binne op 'e harren heakke, dy't fêstsitte yn it doarskezyn, in houtene beklaaiïng fan 'e râne fan it gat yn 'e muorre of wand dat de doar ôfslút. Hingen en harren mei-inoar wurde ek wol de knieren fan in doar neamd. De boppebalke fan it kezyn wurdt de boppedrompel of latei neamd, en de sydbalken binne de doarposten of doarsstilen. De iepening sels is it doarsgat. Doarren wurde iepene mei de doarskruk, dy't likernôch healwei de hichte fan 'e doar sit, oan 'e kant dy't iepen- en tichtswongen wurdt. By âlde doarren en fral ek yn pleatsen sjocht faak noch in oar iepeningsmeganisme, de doarsklink of koartwei klink, besteande út 'e doarsring oan 'e binnenkant, en de doarskram en de doarsnoas oan 'e bûtenkant.

Guon doarsgatten hawwe oan 'e boppekant gjin boppedrompel, mar in strek, in stiennene bôge mei in horizontale wulfline. Underoan it doarsgat sit faak in drompel (ek doarsdrompel of ûnderdrompel), in lege houtene planke of balke dy't bedoeld is om te helpen by it ôfsluten fan it doarsgat en om fersprieding fan smoargens tsjin te gean. Yn sikehuzen en oare soarchynstellings en teffens yn partikuliere wenten fan lju dy't yn in rolstoel sitte, ûntbrekke sokke drompels om 'e tagong foar rolstuollen en ridende bêden makliker te meitsjen.

It komt foar dat doarren in mei in glêzen rút tichtmakke finster hawwe (meast yn 'e boppeste helte), dat it doarsrút hjit. By in foardoar, de normale tagongsdoar dy't oan 'e foarside fan 'e wente nei bûten liedt, sitte oer in doarsrút faak dieve-izers: izeren steaven dy't ynbrekkers tsjinhâlde moatte. Fierders hawwe foardoarren oan 'e bûtenkant faak in opstapke, de stoepe. Teffens is der by in foardoar op it bûtenkezyn meastal in doarbel of doarskille oanbrocht, wêrmei't besikers de bewenner witte litte kinne dat der immen oan 'e doar is. Doarren, en fral bûtendoarren, kinne ornaris ôfsletten wurde mei in slot, in skoattel en/of in waarle.

Thumb
De (healwiis grutte) dûbele doarren fan it National Archives Building yn Washington, D.C.

Soarten doarren

  • boazemdoar: izerne doar dy't tagong jout ta it reekkanaal fan 'e skoarstien
  • boppedoar: 1) boppeste helte fan in doar dy't útinoar falt yn twa losse helten ûnderinoar; 2) doar tusken it bûthús en de huzinge fan in pleats
  • brândoar: swiere metalene doar bedoeld om fersprieding fan brân tsjin te kearen
  • bûtendoar of útdoar: doar dy't út in gebou nei bûten ta liedt
  • bûthúsdoar: dûbele bûtendoar fan it bûthús fan in pleats
  • dûbele doar of dûbele doarren: doar dy't twa kear sa breed is as in gewoane doar en út twa horizontale dielen bestiet dy't beide oan harren yn 'e foarinoarlizzende doarposten befêstige binne
  • efterdoar: bûtendoar oan 'e efterkant fan in gebou
  • flapdoarren, flapdoarkes of saloondoarkes: nei binnen en bûten ta klappende, horizontaal skate houten middendoarkes, mei iepen romte yn it doarsgat sawol derboppe as derûnder, en faak besteande út horizontaal iepen latwurk
  • foardoar: bûtendoar oan 'e foarkant fan in gebou
  • grutdoarren: grutte, dûbele skuordoarren
  • harmonikadoar: skodoar dy't himsels op sigesagewize opteart by it iepenjen
  • kokensdoar: (bûten)doar fan in koken
  • liftdoar: automatyske skodoar fan in lift
  • lofterdoar: lofterhelte fan in dûbele doar
  • lûvredoar of jaloezydoar: semy-tichte doar mei latsjewurk, faak brûkt foar ynboude kleankasten
  • miellingsdoar: doar fan it bûthús nei de huzinge fan in pleats
  • muldoar: middendoar mei iepen romte yn it doarsgat sawol derboppe as derûnder
  • panieldoar: út ferskillende panielen gearstalde doar
  • peidoarren of pijdoarren: dûbele doar tusken it portaal fan it tsjerkegebou en de eigentlike tsjerke
  • poarte: grutte dûbele bûtendoarren yn in kastiel of in stedsmuorre
  • reedsdoar: grutte skuordoar
  • rinket: lytse doar yn in grutte doar of poarte
  • rjochterdoar: rjochterhelte fan in dûbele doar
  • syddoar: doar oan 'e sydkant fan in gebou
  • skodoar: doar dy't iepenet troch sydlings fuort te skowen
  • skûldoar of wyndoar: doar dy't dwers op 'e yngong stiet om 'e wyn te brekken (bgl. by in smidte)
  • skuordoar: grutte dûbele bûtendoar yn 'e skuorre fan in pleats
    • skuordoarsgat: lytse doar yn ien fan 'e grutte dûbele doarren fan in skuordoar
  • traaljedoar: doar dy't net út in ticht paniel mar út traaljewurk bestiet
  • trepsdoar: doar dy't tagong jout ta in treppen
  • tsjerkedoar: dûbele bûtendoar fan in tsjerkegebou
  • túndoar: doar dy't tagong jout ta de tún
  • tuskendoar: binnendoar dy't direkt tagong jout fan 'e ien romte ta de oare (sûnder gong of hal dertuskenyn)
  • twaslachsdoar: dûbele doar mei twa byinoar lâns slaande (beide kanten út iepenjende) helten
  • ûnderdoar: ûnderste helte fan in doar dy't útinoar falt yn twa losse helten ûnderinoar

Sprekwurden

  • foar de tadoar komme = in ûnfreonlik wegering ûntfange
  • foar of oan de winige doar komme = ûnfreonlik of ûnfatsoenlik behannele wurde

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.