Jugendstil
From Wikipedia, the free encyclopedia
Jugendstil ('Jeugdstyl') of Art Nouveau ('Nije Keunst') is de oantsjutting fan in ynternasjonale keunststreaming dy't tusken sa'n 1880 en 1914, mei in hichtepunt tusken 1890 en 1905, yn grutte parten fan Europa (fan Moskou oant Madrid) populêr wie, fral as reaksje op it de foarmferdizening fan it ympresjonisme. De jugendstil oppenearre him foaral yn gebrûksfoarwurpen (glêskeunst, plateel, sieraden, meubels ensf.), de arsjitektuer en de skilderkeunst, mar ek bygelyks yn de typografy. De bloeitiid fan de streaming wie koart mar fûleindich. Yn West-Europa wie de styl yn 1910 al ferline tiid, yn it easten koe se wat langer oerlibje.
Rûchwei kinne twa rjochtingen ûnderskieden wurde: de iene wurdt skaaimerke troch in asymmetryske, weagjende line (Frankryk, Belgje); de oare rjochting hie in mear strakkere styl (Eastenryk, Nederlân: H.P. Berlage). De skilders út de Jugendstyltiid wurde wol oantsjut as symbolisten (Nederlân: Jan Toorop). Har wurk wurk fûn ek neifolging yn boekyllustraasjes en boekbannen.
Hoewol't Art Nouveau út de tiid rekke mei de komst fan allerhanne modernistyske stilen, wurdt it tsjintwurdich sjoen as in wichtige brêge tusken it histoarisearjende Neoklassisisme en it modernisme. Fierders jout de UNESCO Art Nouveau-monuminten geregeldwei in plak op har Wrâlderfgoedlist as erkenning fan har wichtige bydrage oan it kultuereel erfgoed.