From Wikipedia, the free encyclopedia
Skilderkeunst is in foarm fan byldzjende keunst dêr't by skildere wurdt, dat wol sizze dat farve, in kleurpigmint yn in smarbere substânsje, op in ûndergrûn oanbrocht wurdt. Troch it drûgjen fan de farve komt it pigment fêst op de ûndergrûn te sitten.
By de figurative skilderkeunst wurdt besocht om mei farve in byld te meitsjen. By de abstrakte skilderkeunst is de foarstelling fan minder belang, en giet it fral om de komposysje.
Om de farve op de ûndergrûn te krijen kin men kwasten of pinsielen brûke. Mar ek fingers, paletmessen en noch bysûnderder ark wurde hjirfoar brûkt. De farve is meast oaljefarve, akrylfarve, of wetterfarve, mar hast alles wat smarber is, is wol brûkt as farve.
De ûndergrûn is faak doek. Lykwols wurdt der ek skildere op hout, glês, stien, muorre of grotwand.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.