![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/36/Jozef_Maria_Ho%25C3%25ABn%25C3%25A9-Wronski--Laurent-Charles_Mar%25C3%25A9chal_mg_9487.jpg/640px-Jozef_Maria_Ho%25C3%25ABn%25C3%25A9-Wronski--Laurent-Charles_Mar%25C3%25A9chal_mg_9487.jpg&w=640&q=50)
Josef Hoene-Wronski
From Wikipedia, the free encyclopedia
Josef Hoëné-Wronski (Wolsztyn, 1776 - Neuilly, 1853) wie in Poalsk militêr, wiskundige en profeet.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/36/Jozef_Maria_Ho%C3%ABn%C3%A9-Wronski--Laurent-Charles_Mar%C3%A9chal_mg_9487.jpg/640px-Jozef_Maria_Ho%C3%ABn%C3%A9-Wronski--Laurent-Charles_Mar%C3%A9chal_mg_9487.jpg)
troch Laurent-Charles Maréchal
Hoëné-Wronski is berne ûnder de namme Josef Hoëné, mar koart nei syn houlik yn 1810 feroare er syn namme nei Hoëné-Wronski.
Wronski wie luitenant-kolonel yn it Poalske leger ûnder de (mislearre) Poalske Opstân fan 1794 tsjin 'e Russen. Hy ferfear nei Frankryk en sette him dêr ta wenjen yn 'e stêd Marseille. Yn 1800 is er Frânsk steatsboarger wurden. Yn 1810 gong er nei Parys. Hy waard professor yn 'e metafysika.
Njonken syn bydragen yn 'e wiskunde, wêrûnder de Wronski-determinant, wie er aktyf yn foarsizzingen en polityk. Sa skreau er ûnder oaren in tal pamfletten oan ferskate politike pommeranten, mei goerie op it mêd fan polityk. Hy ûntwikkele ek in tastel, om foarsizzingen mei te meitsjen, de prognometer.