![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/9/95/Joris_Ivens_%25281978%2529.jpg/640px-Joris_Ivens_%25281978%2529.jpg&w=640&q=50)
Joris Ivens
From Wikipedia, the free encyclopedia
George Henri Anton (Joris) Ivens (Nymwegen, 18 novimber 1898 – Parys, 28 juny 1989) wie in Nederlânske filmregisseur en filmmakker, benammen rjochte op dokumintêres. Hy wie lange tiid omstriden om syn film ta ûndersteuning fan de ûnôfhinklikheidsbeweging yn Yndoneezje.
Joris Ivens | ||
![]() | ||
![]() | ||
Joris Ivens (1978) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | George Henri Anton Ivens | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 18 novimber 1898 | |
berteplak | Nymwegen | |
stoarn | 28 juny 1989 | |
stjerplak | Parys ![]() | |
wurkpaad | ||
wurksum as | regisseur, filmmakker | |
prizen | Gouden Keal (1985) |
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/bc/Bundesarchiv_Bild_183-84600-0001%2C_Ivens_und_Hemingway_bei_Ludwig_Renn%2C_Chef_der_XI._Internationalen_Brigaden.jpg/640px-Bundesarchiv_Bild_183-84600-0001%2C_Ivens_und_Hemingway_bei_Ludwig_Renn%2C_Chef_der_XI._Internationalen_Brigaden.jpg)
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/5/55/Joris_Ivens.png/320px-Joris_Ivens.png)
Ivens waard bekend mei avant-garde dokumintêres as De brug (1928) (oer De Hef yn Rotterdam), Regen (1929) en Zuiderzee (1930), wêryn hy eksperimintearre mei bewegingen en ritmes. Hy hearde ta de foaroanmannen fan de ynternasjonale filmavant-garde fan dy jierren. Letter rekke hy geande wei mear ynteressearre yn sosjale kwestjes en waard hy oertsjûge kommunist. Hy makke ûnder mear films oer in mynwurkersstaking yn Belgje (Borinage, 1934), oer de Spaanske Boargerkriich (Spaanse aarde, 1937) en oer de striid dy't Sina fierde tsjin Japanske besetting (De vierhonderd miljoen, 1939). Yn de Twadde Wrâldoarloch makke hy ferskate films yn de Feriene Steaten, wêrûnder Power and the Land (1941) foar it Amerikaanske ministearje fan Lânbou en Action Stations! (1943) foar de Kanadeeske marine.