From Wikipedia, the free encyclopedia
Johannes Jelgerhuis (Ljouwert, 24 septimber 1770 - Amsterdam, 6 oktober 1836) wie in Nederlânsk keunstskilder, yllustrator en akteur. Hy krige ûnderwiis fan syn heit, Rienk Jelgerhuis (1729-1806), en fan de behang- en lânskipsskilder Pieter Pietersz. Barbiers II. Hy reizge mei syn heit de Republyk troch en makke wilens yllustraasjes foar almanakken, politike tekeningen en grafysk wurk oer it doetiidske barren.
Fan 1805 ôf hie er fêst wurk by de Amsterdamske Stedsskouboarch, dêr't er bekend waard as akteur yn treurspullen.
Yn 1806 sette er him ta wenjen yn Amsterdam.[1]
Jelgerhuis boaske oan Philippina Maria van der Boon op 18 desimber 1791, yn de "Oude Kerk" te Delft. Letter hat er noch troud west mei Alida Maria Margaretha Dol, in katolike frou út Delft.
Bern út it earste houlik:
Ut it twadde houlik:
Het werk van een schilder kan door de generatie na hem nog bewonderd worden, een toneelspeler laat niets na. [3]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.