Johannes Hesselhûs
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Johannes Hesselhûs is in earder pakhûs oan de Gieljittersstrjitte 1 op De Jouwer. It ryksmonumint waard boud yn 1898 as ûnderdiel fan it bedriuw Douwe Egberts. Johannes Hessel de Jong, letter fabryksdirekteur, lei yn 1898, op fjouwerjierrige leeftyd, de earste stien fan it pakhûs.
Johannes Hesselhûs | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | De Jouwer | |
adres | Gieljittersstrjitte 1 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1898 | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514073 |
It yn tradisjoneel-ambachtlike styl boude pakhûs stie yn de tún fan it hearehûs Midstrjitte 99 mei dêryn de kofjebaarnderij en tabakskerverij. De gebouwen wiene eigendom fan famylje de Jong, de neisieten fan Douwe Egberts. Oant 1913 waard yn it pân wurke, dêrnei waard dit fabryk yn Sniksweach iepene. De teepakkerij bleau oant 1933 yn it pakhûs dat doe ek nei Sniksweach ferhuze.
Sûnt 1976 wurdt it pakhûs as haadgebou brûkt troch museum De Jouwer. It Hesselhûs stiet oan in dearinnende feart mei oanlissteger fanút it Hurdspytsje Yn tachtiger jierren fan de foarige iuw waard oan de súdkant fan it pakhûs in ferbiningswei oanlein tusken de Gieljittersstrjitte en de Lynbaanstrjitte, wêrtroch 't it pakhûs los kaam te stean fan de tún fean it hearehûs Midstrjitte 99. It bertehûs fan de grûnlizzer fan it bedriuw, Egbert Douwes, dat yn Jiskenhuzen stie, waard yn 1981 stien foar stien opnij opboud yn de tún by it pakhûs. Doe ’t it pakhûs in museumfunksje krige is der net folle oan feroare. Oan de noardkant is in ferbining makke mei it oanbuorjende pân. Dizze oanbou, it stek oan de passaazje en it bertehûs fan Egbert Douwes hearre net by it ryksmonumint.