Midstrjitte 99
From Wikipedia, the free encyclopedia
Midstrjitte 99 is in ryksmonumint oan de Midstrjitte op De Jouwer. It hearehûs is boud yn eklektyske styl mei in oanboud fabryksgedielte en kantoar.
Midstrjitte 99 | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | De Fryske Marren | |
plak | De Jouwer | |
adres | Midstrjitte 99 | |
bysûnderheden | ||
boujier | 1881 | |
boustyl | eklektysk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 514071 |
It gearstalde gebou is ferbûn mei de skiednis fan de DE-fabriken. Yn 1831 kocht Hessel Douwes, soan fan Douwe Egberts (1755-1806), in keapmanshûs op it steed fan it hjoeddeiske Midstrjitte 99. Fan hjirút begûn er in grossierderij yn destilleard. Syn soan Johannes Hessel luts yn 1871 it buorpân, de winkel "De Witte Os", by de grossierderij. Efter de wenning leine in kofjebaarnderij en in tabakskerverij. Yn de nacht fan 14 op 15 oktober 1881 giene by in brân yn de buorren fan De Jouwer it wenhûs, de koffiebaarnderij en de tabakskerverij ferlern. Op 5 maaie 1882 waard de earste stien lein foar in nij hearehûs mei ynpannige koffiebaarnderij en tabakskerverij. It pân hat jierrenlang wenhûs west fan de famylje De Jong, de famyljenamme dy't de neisieten fan Douwe Egberts oannomd hawwe. Yn 1898 waard efter it wenhûs in pakhûs boud dêr't in part fan de bedriuwsaktiviteiten hinne brocht waard. Yn 1913 ferhuzen alle aktiviteiten nei in nije fabryk yn Sniksweach, útsein de teepakkerij dy't oant 1933 yn it pakhûs siet.
It hearehûs stiet oan de noardkant fan de Midstrjitte en hat in útwreide ferbouwingsskiednis; dochs binne in soad orizjinele eleminten bewarre bleaun. In sêre dy't yn 1939 oan de efterside oanboud is, falt bûten de beskerming fanwege te min monumintele wearde. Mei de oanlis fan in ferbiningswei tusken de Gieljittersstrjitte en de Lynbaanstrjitte is lykwols de âlde tún, dy't oant it Hurdspytsje ta rûn, yn twaen dield. Om dy reden is it byhearrende pakhûs Gieljittersstrjitte 1, dat yn it efterste diel fan de tún stiet, as ôfsûnderlik monumint beskerme.