Johannes Heesters
From Wikipedia, the free encyclopedia
Johannes Heesters (Amersfoart, 5 desimber 1903 - Starnberg, 24 desimber 2011) wie in ferneamd Nederlânsk en Dútsk operasjonger en akteur.
Fluch de feiten
Johannes Heesters | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Johannes Heesters (2006) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Johan Marius Nicolaas Heesters | |
berne | 5 desimber 1903 | |
berteplak | Amersfoart | |
stoarn | 24 desimber 2011 | |
stjerplak | Starnberg | |
wurkpaad | ||
sjenre | opera | |
jierren aktyf | 1921-2011 |
Slute
Doe't er 107 jier âld wie, trede er noch hieltyd op, meast yn it Dútske taalgebiet. Hy hat dêrmei it Guinness Book of Records helle as âldste artyst yn de wrâld. Heesters syn - nei't er seit twongen - besite oan it konsintraasjekamp Dachau ûnder it nazirezjym, hat yn Nederlân in soad opskuor jûn. Heesters is yn syn twadde heitelân Dútslân noch altyd tige ferneamd en is foar jong en âld in stjer. Op 16 febrewaris 2008 makke Heesters syn comeback yn Nederlân mei in konsert yn teater De Flint yn syn bertestêd Amersfoart.