Johannes Acronius (Grimersum, East-Fryslân, 1565 - Haarlim, 29 septimber 1627) wie in Dútsk Herfoarme teolooch en de broer fan de Fryske teolooch Ruard Acronius. Hy is net sa bekend fan syn wittenskiplik wurk, mar mear troch syn oandiel yn it skeel tusken de Arminianen (Remonstranten) en Kontra-Remonstranten.
Libbensrin
Hy wie de soan fan in predikant, Dominicus Acronius, yn in doarp benoarden Emden, dat no yn de gemeente Krummhörn leit. Hy krige ûnderrjocht fan Zacharias Ursinus en Franciscus Junius yn Neustadt an der Hardt, no Neustadt an der Weinstrasse. Yn 1584 waard er predikant yn Eilsum, East Fryslân, letter yn Grins en Wesel (by Kleef). Doe't Wesel yn 1614 fan de Spanjerts ferneatige waard, flechte hy nei Deventer. Hy wiisde it predikantskip yn Deventer ôf omdat er dêr striderij feroarsake.[1] Yn 1617 waard er professor yn de teology oan de Universiteit fan Frjentsjer.
It jier dêrnei waard er beroppen as predikant yn Kampen, foaral om tsjinwicht te bieden oan guon fan syn kollega's yn dy kontrei dy't tefolle de kant fan Armenius' lear útskaaiden. Yn 1618-1619 wie er ôffurdige op de Synoade fan Doardt en beskuldige er harren fan Armenianisme, wat fan gefolgen hie dat guonts harren sit ferlearen.
Yn 1619 gie oan it wurk as predikant yn Haarlim dêr't er oan syn dea ta bleau. De kalvinisten yn dy tiid seagen yn de gelearde en redenrike Acronius in warber foarstrider fan harren wierheid. Syn tsjinstanners beskreaunen him as in wifelriedich man dy't oerhinge nei striidskriuwerij.
Publikaasjes
- Syntagma Theologiae, Grins, 1605
- Elenchus orthodoxus pseudo-relig. Romano-Cathol., Dimter, 1615
- Uytmonsteringe van verscheydene dolingen ... der genoemde Lutherschen, Arnhim, 1625
Bibliografy
- Visscher, H. en L. A. van Langeraad. Het protestantsche vaderland: biographisch woordenboek van protestantsche godgeleerden in Nederland, 8 dln. Utert, 1903-1918: v. I, 19-29;
- Hege, Christian en Christian Neff. Mennonitisches Lexikon, 4 dln. Frankfurt & Weierhof: Hege; Karlsruhe; Schneider, 1913-1967: v. I, 12.
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en referinsjes
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.