From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Geurt Siebelink (Felp, 13 febrewaris 1938) is in Nederlânske skriuwer en essayist.
Jan Siebelink | ||
skriuwer | ||
Jan Siebelink, 2016 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Jan Geurt Siebelink | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 13 febrewaris 1938 | |
berteplak | Felp | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | Roman, koart ferhaal, essay | |
bekendste wurk(en) | Knielen op een bed violen | |
prizen | Ferdinand Bordewijk Priis, AKO Literatuerpriis | |
jierren aktyf | 1975-no | |
offisjele webside | ||
http://www.jansiebelink.nl |
Siebelink waard grut yn in strang-godstsjinstich kristlike hûshâlding. Hy waard learaar Nederlânsk en Frânsk en studearre yn syn frije tiid Frânske taal- en letterkunde. Neist syn baan fan learaar begûn er mei it skriuwen fan romans en ferhalen. Syn wichtichste romans binne De herfst zal schitterend zijn, En joeg de vossen door het staande koren, De overkant van de rivier, Vera, Margaretha en it tige bêst ferkochte 'Knibbelje op in bêd fan fioelsjes'. Yn it lêste boek ferhellet Siebelink fan it godstsjinstige fermidden dêr't syn heit ta hearde en hoe't er dêr sels yn belutsen waard. Fan Knielen op een bed violen wiene yn 2008 mear as 500.000 eksimplaren ferkocht.
Siebelink skreau ek essays oer de Frânske dekadinte literatuer (J. K. Huysmans).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan Siebelink fan Wikimedia Commons. |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.