From Wikipedia, the free encyclopedia
Jan Ernst Matzeliger (Paramaribo, Nederlânsk-Guyana, 15 septimber 1852 - Lynn, Massachusetts, 24 augustus 1889) wie in Surinaamske útfiner.
Matzeliger waard yn 1852 oan de Kottikarivier berne. Syn heit wie in Nederlânsk yngenieur en syn mem wie in swarte Surinaamske slavinne. Doe't er 19 jier wie sette er him nei wenjen yn Philadelphia, Pennsylvania neidat er in skoft seeman west hie. Tsjin 1877 koe er him aardich rêde mei it Ingelsk, wilens wie er nei Massachusetts ferfarre. In skoft letter krige er wurk yn in skuonfabryk.
Matzeliger hat de útfining fan de skoechstikmasine op syn namme brocht. Dy masine makket sûnt 1883 yn de hiele wrâld dat de bobbeskoech en skoechsoal op in folle goedkeapere manier as dêrfoar oan elkoar set wurde kinne. De masine koe tusken de 150 oant 700 pear skuon deis produsearje. Dêrtroch waarden skuon de helte goedkeaper yn de FS en foar in gruttere groep minsken better te beteljen.
Nei fiif jier krige Matzeliger it patint op syn útfining (1883).[1] Jan Ernst Matzeliger stoar op 24 augustus 1889 yn Lynn (Massachusetts) yn de Feriene Steaten oan tuberkuloaze. Yn 1985 ferneamde de stêd Lynn in brêge nei de útfiner. Tan syn oantins waard yn de Feriene Steaten ek in postsegel útjûn.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.