Jacob fan Strij (Dordrecht, 2 oktober 1756 - dêre, 4 febrewaris 1815) wie in Nederlânske keunstskilder.

Fluch de feiten
Jacob fan Strij
keunstner
Thumb
Portret fan Fan Strij makke troch Pieter Christoffel Wonder (1812)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne2 oktober 1756
berteplakDoardt
stoarn4 febrewaris 1815 (58 jier)
stjerplakDoardt
wurkpaad
jierren aktyf1776-1815
offisjele webside
RKD-profyl
Slute
Thumb
It jacht fan de VOC- keamer Rotterdam begroetet in Eastynjefarder by Hellevoetsluis 1790
Thumb
Lânskip mei beammen en fee, Doardt op 'e eftergrûn

Libben en wurk

Jacob fan Strij, soan fan de Doardtske skilder en tekener Leendert fan Strij en Catharina Snak, krige syn earste oplieding ta skilder en syn broer Abraham fan syn heit. Dêrnei folge er de oplieding oan de Antwerpske skildersakademy en krige er les fan de Antwerpse skilder Andreas Lens. Werom yn Doardt ûntwikkele er him ta in lânskipsskilder.[1] Sawol ôfsûnderlik as tegearre mei syn broer Abraham skildere er ferskate behingsels foar opdrachtjouwers yn Doardt.

Op 24 desimber 1786 boaske Jacob fan Strij yn Doardt oan de yn Nijmegen berne Magdalena Cornelia fan Rijndorp.

Yn syn lettere libben waard Fan Strij bot pleage troch jicht [2], wêrtroch't it skilderjen dreger waard. Op it troch Pieter Christoffel Wonder makke portret fan Van Strij is syn lijen yn byld brocht. Ek yn it nei oanlieding fan dit portret makke gedicht troch Van Braam wurdt syn sykte neamd. Hy bleau lykwols oant syn ferstjerren syn wurk as skilder dwaan.

Fan Strij ferstoar op 4 febrewaris 1815, 58 jier âld.

Soannen

Jacobs soan Hendrik waard ek skilder. Hy en syn broer namen learlingen oan nei't se it atelier fan harren heit oernaam hiene. Harren learlingen wiene Pieter Rudolph Kleijn, Johannes van Lexmond, Jacob de Meijer, Johannes Rutten, Johannes Schoenmakers, Johannes Christiaan Schotel en Gillis Smak Gregoor.

Jacobs broer Abraham fan Strij [1] wie in foaroansteand stichtend lid fan it Teekengenootschap Pictura Dordrecht doe't dat yn 1774 oprjochte waard. Ek Jacob sleat him nei syn weromkommen fan syn stúdzjeperioade yn Antwerpen oan by Pictura. Hy waard troch syn tiidgenoaten omskreaun as in belêzen man dy't yn heech oansjen stie. Hy joech lêzingen by it Teekengenootschap Pictura Dordrecht oer de skilderijen fan de âlde masters en de mytology. [3].

Wurk

Jacob van Strij skildere italiaanske lânskippen, berchlânskippen, stedsgesichten, winterlânskippen, portretten, arsjitektuerskilderijen en marines. Hy liet him ynspirearje troch de 17e-iuwske lânskipsskilders út de Hollânske Gouden Iuw, benammen Albert Cuyp.[1]

Fan Strij stuts in soad muoite en tawijing yn it kreëarjen fan syn wintertafrielen. Om ta in sekuere imitaasje fan de natuer te kommen oerwûn er syn minne sûnens (hy hie jicht) en gie er yn de bitende kjeld op in lutsen slide op paad om sketsen te meitsjen foar syn komposysjes. Dy sketsen waarden yn syn atelier brûkt foar ferskate skilderijen. Fan him is witten dat er fariaasjes fan syn eigen komposysjes skildere.[4]

Gedichten op Jacob fan Strij

Mear ynformaasje Nei oanlieding fan syn portret, Nei oanlieding fan syn ferstjerren ...
Nei oanlieding fan syn portretNei oanlieding fan syn ferstjerren
O ja! Dus leeft, dus denkt, dus spreekt mijn vriend Van Strij,
Gevoel voor waar en schoon blinkt in deez’ schilderij,
Het nijdig euvel spreidt een smertfloers op ‘s mans trekken,
Gelaten mannen, moed blijft in dit oog te ontdekken,
Moed, die deez’ hand bezield, hoe leider ongesteld,
Als hij ons leven schept in bosch en stroom en veld.
fan: Pieter van Braam (1740-1817) om 1812[5]
Treur, diep bedrukte gaâ, treur, diepbedrukte erven,
Treur, grijze Merwestad, die vriend en vader mist:
Natuur treurt met U mee, zij moet haar schepper derven,
Aan wien verbeelding al haar gaven had verkwist.
Neen, juicht! Van Strij is nu aan ‘t logge stof ontbonden,
En doopt het schoon penseel in Godgewijde inkt,
En maalt tafreelen daar, die eng’len hem verkonden,
Waarbij ‘s mans meesterstuk in ‘t aardsche niet verzinkt.
fan: Mr. Peter Steven Schull (1791-1835) yn 1815[6]
Slute

Galery

Bibliografy

  • Erkelens, J. De gebroeders Abraham en Jacob van Strij; een biografie van twee Dordtse schilders, yn: Oud Holland 90 (1976), s. 186-200
  • Dumas, Ch. (red.) In helder licht: Abraham en Jacob van Strij: Hollandse meesters van landschap en interieur omstreeks 1800, Swolle 2000 (cat. tent. Dordrecht, Dordrechts Museum, 6-1-2000/16-4-2000)
  • Balm, Angenetha en Boezeman, Jan Willem: Het geboortehuis van Jacob en Abraham van Strij, artikel yn Vereniging Oud-Dordrecht nr. 2, Doardt, 2004.

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.