Ivoar
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ivoar is it wite, hurde materiaal fan toskbien, fan de oaljefant, nylhoars en fan de útstoarne mammoet, of fan seebisten lykas de walrus en de narwal.
Ivoar wurdt fanâlds brûkt foar it meitsjen fan (keunst)foarwerpen. Ivoar is ek de namme foar de brutsen wite kleur fan ivoar.
De jacht op ivoar hat de oaljefant hast útrûge. Nei't dat ynsjoen wie, waard it jeien fan oaljefanten ferbean, mar it tal bisten naam earst wer ta doe't ek it yllegale jeien fermindere mei't yn 1989 alle hannel yn ivoar ferbean waard.