From Wikipedia, the free encyclopedia
In hoarnleger wie de beneaming út de 16e en 17e iuw foar in pleats mei it hiem.
Obe Postma stelde út dat de namme ôflaat wêze koe fan it Aldfryske hore (blabze of dridze), dat it plak dêr't slatierde of dong opsmiten wurdt. Pieter Sipma hat de ôflieding oandroegen fan it Aldfryske hora (driuwe, jeie), in plak dêr't it fee foar de nacht feilich byinoar brocht waard. It wie yn alle gefallen in plak dêr't oaren oan sjen koenen hoefolle fee jin hiene. Fergelykber mei Nachtlân ûnder Smelle Ie, Jaechakker ûnder Pitersbierrum.
Fanâlds wie it stimrjocht bûn oan grûnbesit. De formalissearing dêrfan yn it Stimreglemint fan 1698 wie lykwols dat de stim by ferdieling fan in stimdragende sate oan it hoarnleger bûn bleau. Dat troch it opkeapjen fan hoarnlegers wie it mûglik stimmen te keapjen. Dit fersterke yn 18e iuw de oligargy, wat wol yn striid wie mei de 'âlde' Fryske Frijheid. It 'Reglemint reformatoir' út 1748 bepaalt dat immen neist it hoarnleger in stik grûn fan bepaalde grutte besitte moast, en dat op it hoarnleger ek in hûs stean moast.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.