De Himalayamarmot (Latynske namme: Mamota himalayana) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn Himalaya-regio fan Súd-Aazje. Dizze soarte is wierskynlik it naust besibbe oan 'e steppemarmot, dêr't er inkeld sels wol as ûndersoarte fan beskôge wurdt. De Himalayamarmot is lykwols ek relatyf nau besibbe oan Noardamerikaanske marmottesoarten, lykas de boskmarmot.
Himalayamarmot | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Marmota himalayana | ||||||||||||
Hodgson, 1841 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige | ||||||||||||
Himalayamarmotten komme foar yn 'e hiele krite fan 'e Himalaya, yn wide bôge dy't fan Ladach, yn noardwestlik Yndia, fia Nepal, de Yndiaaske dielsteat Sikkim en it ûnôfhinklike steatsje Bûtan nei Arunachal Pradesh, yn noardeastlik Yndia, rint. Se libje dêr op hichten dy't útinoar rinne fan 300 oant 4.800 m boppe seenivo. Dêrnjonken komme se ek foar op dielen fan it Tibetaansk Plato. Wat har wengebiet oanbelanget, jouwe Himalayamarmotten de foarkar oan berchgreiden en steppe-eftige biotopen yn it heechberchtme.
De Himalayamarmot kin in totale lichemslingte fan 70 sm en in gewicht fan 9 kg berikke. Dêrmei is er like grut as in grutte hûskat. Syn pels is brún oant dûnkerbrún oer it grutste part fan syn liif en swartich boppe op 'e kop, mei opfallende gielige plakken op 'e wangen en it boarst. Himalayamarmotten libje yn koloanjes.
Undersyk troch de Frânske etnolooch Michel Peissel hat oannimlik makke dat it ferhaal oer nei goud gravende eamels, dat yn 'e fyfde iuw f.Kr. opdist waard troch de Grykske histoarikus Herodoatus, basearre wie op 'e praktyk fan pleatslike stammen op it Deosai-plato om goudstof te sykjen yn 'e bulten ierde dy't Himalayamarmotten út har ûndergrûnske hoalen útgroeven hiene.
De Himalayamarmot waard yn 1841 foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Britske biolooch Brian Houghton Hodgson. De soarte hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.
Wikiwand in your browser!
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.