Hilandar-kleaster
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Hilandar-kleaster (Servysk Sirillysk: Манастир Хиландар, Gryksk: Μονή Χιλανδαρίου) is it servysk-otterdokske kleaster op de Berch Atos yn Grikelân. It waard op de noardeastlike kant fan it skiereilân stifte yn 1198 troch Rastko Nemanjić, dy't ûnder de kleasternamme Sava de earste aartsbiskop fan de Servysk-Otterdokske Tsjerke waard. Dat die Sava tegearre mei syn heit, de stifter fan de Nemanjić-dynasty, prins Stefan Nemanja, dy't by syn troansôfstân de monastike ûnthjitten die om ûnder de namme Simeon in gewoane muonts yn Hilandar te wurden. It kleaster stiet op it fjirde plak yn de hiërargy fan de Atos-kleasters. De namme fan it kleaster is ôflaat fan in beskaat type fan in byzantynsk skip.
Fluch de feiten
Kseropotamou-kleaster
Μονή Ξηροποτάμου | ||
bouwurk | ||
Katolikon | ||
lokaasje | ||
lân | Grikelân | |
plak | Agio Oros 603 86 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Kleaster | |
boujier | 10e iuw | |
offisjele webside | ||
inathos.gr |
Slute