From Wikipedia, the free encyclopedia
Hidde Boersma (Wiuwert, 19 jannewaris 1980) is in Frysk skriuwer en dichter út Utert. Hy skriuwt yn it Frysk en it Nederlânsk.
Hidde Boersma waard berne yn Wiuwert en folge de Universiteit foar Humanistyk. Hy wurket as skriuwer en docht dêrneist oare dingen om de tiid troch te kommen. Al fan jongs ôf oan wie er mei ferhalen dwaande, it skriuwen sit dan ek yn 'e famylje. Syn heit, Piter Boersma, is ek Frysk skriuwer en dichter. De Frysk skriuwsters Doete Venema en Saakje Huisman (1951-2001) binne syn muoikes.
Hy sjocht syn skriuwen as it massearjen fan de geast. Sels seit er dat frijbuiterij, mystyk, humor, kloaterichheid, eroatyske spanning, leafde, de duvel, fenomenology en doedeïsme in rol yn syn libben spylje. Boersma debutearre yn 2000 mei fjouwer gedichten yn it tiidskrift Hjir. Yn 2002 skreau er in gedicht oer Pim Fortuyn foar de keunstrûte fan Ljouwert. It gedicht waard skildere op in planke; dy is letter stellen. Yn 2008 kaam de debútbondel fan Boersma út, De rop om Doede. Boersma wurdt sjoen as de útfiner fan it Doedeïsme, dat is in filosofy fan libje folút: nim dyn gemak. Dat komt op in yntrigearjende wize werom yn syn proazedebút Fol túch de mist yn. De haadpersoanen yn dat boek libje yn de meast ferskriklike dekôrs dy't yn it moderne libben hat. Yn septimber 2011 folge syn twadde roman by de Friese Pers Boekerij ûnder de namme De gewoanste man. By de boekpresintaasje op 22 oktober yn Wiuwert waarden sa'n fjirtich eksimplaren fan it boek ferkocht.
Boersma hat fierder publisearre yn De Moanne, Farsk en op de Amerikaanske ynternetside The Dudespaper. Yn ferskate blomlêzings, lykas Dream yn blauwe reinjas, Het goud op de weg, Spiegel van de Friese poëzie, Myn hert dat trillet my en ek de Meulenhoff poëziescheurkalender fan 2006, binne gedichten fan him te finen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.