Hesiodos
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hesiodos of Hesiodus (yn it Aldgryksk: Ἡσίοδος, Hēsiodos), ek wol Hesiodos fan Askra neamd, wie in skriuwer en dichter yn it âlde Grikelân, wêrfan't net bekend is wannear't er libbe. Saakkundigen binne lykwols yn 'e regel fan tinken dat er aktyf west hawwe moat tusken 750 en 650 f.Kr., wat him likernôch ta in tiidgenoat fan Homêros meitsje soe. Hesiodos wie de skriuwer fan 'e epyske gedichten Teogony en Wurken en Dagen. Sines wie de ierst oerlevere Jeropeeske poëzij wêryn't de dichter himsels ta ûnderwerp makket, as in yndividu dat in beskate rol te spyljen hat. Boarnen út 'e Aldheid woene hawwe dat Hesiodos tegearre mei Homêros de grûnslach lein hie foar Grykske (heidenske) religieuze tradysjes. Moderne wittenskippers beskôgje syn wurk as ien fan 'e wichtichste boarnen oangeande Grykske mytology, de buorkerij yn 'e Aldheid, iere ekonomyske teoryen (Hesiodos wurdt inkeld wolris de earste ekonoom neamd), argayske Grykske astronomy en tiidrekkening yn 'e iere Aldheid.
Hesiodos | ||
![]() | ||
In brûnzene búste út 'e Aldheid, de saneamde Pseudo-Seneka, dêr men no fan fermoedet dat it miskien in op fantasij berêstende foarstelling fan Hesiodos is. | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Hesiodos fan Askra | |
echte namme | Hēsiodos (Ἡσίοδος) | |
nasjonaliteit | Boeoatysk | |
berne | ±750 f.Kr. | |
berteplak | Askra (Boeoasje) | |
stoarn | ±650 f.Kr. | |
stjerplak | Lokry (Lokris) (?) | |
etnisiteit | ![]() | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | poëzij | |
perioade | Iere Aldheid | |
bekendste wurk(en) | Theogonía Erga kai Hēmerai ("Wurken en Dagen") | |
jierren aktyf | ±750 – ±650 f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |