Homêros
From Wikipedia, the free encyclopedia
Homêros (oare farianten binne Homearus en Homearos) wie in Grykske dichter en sjonger dy't libbe fan om-ende-by 800 f.Kr. oant 750 f.Kr. Hy makke epyske gedichten, dêr't hy in grut tal oerlevere heldesêgen, goadeferhalen en mytyske fertellingen yn ferwurke út de Grykske kultuer. Fanâldst wurde twa epyske gedichten, de Ilias en de Odyssee, de âldst bekende en bewarre bleaune literêre wurken út de Grykske letterkunde, oan him taskreaun. Lykwols is dizze fêststelling net langer mear folslein wis en wurdt sels bestride oft beide wurken troch ien en deselde skriuwer makke binne.
Fluch de feiten
Homêros | ||
skriuwer | ||
Ofbylding fan Homêros út de Romeinske Tiid (Britsk Museum, Londen). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Hómēros (Ὅμηρος) | |
nasjonaliteit | Smyrneesk | |
berne | ±800 f.Kr. | |
berteplak | Smyrna (Ioanje) (?) | |
stoarn | ±750 f.Kr. | |
stjerplak | Ios (de Sykladen) (?) | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | poëzij | |
perioade | Iere Aldheid | |
bekendste wurk(en) | de Ilias de Odyssee | |
jierren aktyf | ±800 – ±750 f.Kr. | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute