Herman Christiaan van Hall
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hermannus Christiaan van Hall (Amsterdam, 18 augustus 1801 - Grins, 12 jannewaris 1874) wie heechlearaar plant- en lânhúshâldkunde oan de Ryksuniversiteit Grins.
Hermannus van Hall, soan fan de Amsterdamske jurist Maurits Cornelis van Hall en Elisabeth Christina Klinkhamer, naam yn 1842 as heechlearaar it inisjatyf ta de oprjochting fan in Hegere Lânhúshâldkundige Skoalle yn de stêd Grins, ien fan de trije foarrinders fan de hjoeddeiske Hegeskoalle Van Hall Larenstein. Van Hall krige dêrtroch de gelegenheid om syn opfetting, dat teory en praktyk oan elkoar keppele wurde moatte, ek te realisearjen, troch oan dizze skoalle in modelbuorkerij te ferbinen.
Troch de klam te lizzen op goede foarljochting oan boeren hat hy bydroegen oan in bettere bedriuwsfiering yn de lânbousektor.
Syn soan wie Herman van Hall (1830-1890), dy't as botanikus by it Ryksherbarium wurke.