Heinrich von Kleist
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bernd Heinrich Wilhelm von Kleist (Frankfurt (Oder), 18 oktober (neffens Kleist sels 10 oktober) 1777 — Berlyn, 21 novimber 1811) wie in Dútsk skriuwer, dichter, essayist en toanielskriuwer. De Kleistpriis, in prestiizjeuske priis foar Dútske literatuer, is nei him ferneamd.
Kleist waard fral ferneamd fan syn 'histoarysk Riddertoanielstik' Das Käthchen von Heilbronn, de blijspullen Der zerbrochne Krug en Amphitryon, it treurspul Penthesilea en fan syn novellen Michael Kohlhaas en Die Marquise von O....