From Wikipedia, the free encyclopedia
Hazzenút is in kleur dy't yn 'e regel beskôge wurdt as in tint fan brún. It wurdt op ferskate manearen omskreaun, bgl. as in gielich ljochtbrún of as in dûnker bêzje. De namme komt fan 'e kleur fan 'e dop fan 'e hazzenút. As kleur wurdt hazzenút benammen brûkt om in beskate tint ljochtbrune eachkleur oan te tsjutten, de saneamde hazzenútkleurige eagen.
By additive kleurminging (bgl. op tillefyzjes en kompjûterskermen) is hazzenút in tertiêre kleur, dy't oanmakke wurdt troch it mingen fan alle trije primêre kleuren (read, grien en blau). By subtraktive kleurminging (bgl. yn 'e druktechnyk) is it yn teory ek in tertiêre kleur, dy't produsearre wurdt troch it mingen fan 'e primêre kleuren syaan, maginta en giel. Yn 'e praktyk wurdt dêrby lykwols gebrûk makke fan swart ynstee fan syaan.
hazzenút | #B5AE6E | |
ekru | #C2B280 | |
Frânsk bêzje | #A67B5B | |
Frânsk ljochtbêzje | #C8AD7F | |
houtbrún | #C19A6B | |
khaki | #C3B091 | |
tan | #D2B48C | |
woastynsân | #EDC9AF | |
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.