From Wikipedia, the free encyclopedia
Haskerdiken is in doarp oan it Hearrenfeanster Kanaal yn de gemeente It Hearrenfean. It noardlike diel fan de fersprate lintbebouwing wurdt Krom Haskerdiken neamd. Under Haskerdiken falt ek de buorskippen Sythuzen en Spitsendyk. Haskerdiken foarmet mei it jongere Nijbrêge in twillingdoarp.
Haskerdiken | ||
Ryksstrjitwei | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | It Hearrenfean | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 375 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 7,81 km², wêrfan - lân: 7,35 km² - wetter 0,46 km² | |
Befolkingsticht. | 53 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 52° 59' N 5° 52' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side Hakserdiken en Nijbrêge Side Haskerdiken-Nijbrêge (wurdt net byholden) | ||
Kaart | ||
It doarp hat 375 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
De namme waard yn it ferline ek neamd as 'tho da Dijcken' (1465), 'to Hasche dykem' (1473), 'in Hasscher dyken' (1489), 'in Hasscha dyken' en Hasker dycken (1496).
Op it plak wenne yn 'e 13e iuw de Norbertynske hearemyt Dodo, dy't ferstoar nei't yn 1231 syn klinte of kapel ynstoartte en hy ûnder it pún bedobbe waard. By it finen fan syn lichem waarden de tekens fan stigmata ûntdutsen en fuort dêrnei waard op it plak troch de muontsen Sirikus en Sifridus mei in pear leken it Hasker Konvint (ek it kleaster fan Marije's Roazedelling) stifte, dat de rigel fan Augustinus folge. Oer de fûneminten fan de kapel waard in kleastertsjerke boud, dy't tagelyk ek in parochytsjerke wie. Ynearsten wie it in dûbelkleaster, mar doe't it kleaster him yn 1466 by de kongregaasje fan Windesheim oanslette wie it al in manljuskleaster. De muontsen dienen oan it oanmeitsjen fan it ûnlân en leinen diken oan, mar der wie ek in hospitaal. Tusken 1576 en 1579 waard it kleaster ferneatige. De kleastertsjerke bleau lykwols yn gebrûk as protestantske tsjerke, dy't yn 1817 ferfongen waard troch de hjoeddeiske tsjerke fan Haskerdiken.[3][4]
Yn de 19e iuw waard besuden it doarp in nije brêge boud; dêr ûntstie it doarp Nijbrêge, dat mei Haskerdiken in twillingdoarp foarmet. Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984 hearde Haskerdiken by de gemeente Haskerlân, wylst Nijbrêge ta de gemeente It Hearrenfean rekkene waard. Dêrnei hearde Haskerdiken by de gemeente Skarsterlân en mei't yn 2014 de gemeente Skarsterlân opheft waard, waard ek Haskerdiken by de gemeente It Hearrenfean yndield.
Oant 1954 waard ek de hjoed-de-dei by Vegelinsoard yndielde buorskip Twahûs ta de himrik fan Haskerdiken rekke.
Sûnt 2012 makket it Dodopaad diel út fan it Jabikspaad, in diel fan de pylgersrûte fan Sint-Jabik nei Santiago de Compostella.
Sûnt 1983 spilet 'It Deelshûs', it mienskiplike doarpshûs fan Haskerdiken en Nijbrêge, in sintrale rol yn it ferieningslibben fan it doarp. Yn 'e jierren 2010-2011 waard it doarpshûs ferboud en modernisearre. Haskerdiken en Nijbrêge hawwe sûnt 1900 in mienskiplik Pleatslik Belang. "De Brêge" is de doarpskrante fan it twillingdoarp. Frijwilligers hawwe yn 1992 de organisaasje Doarpshelp oprjochte, dy't him ynearsten op de âlderein rjochte mar hjoeddedei syn tsjinsten oan it hiele doarp oanbiedt. Doel fan de organisaasje is it behâld fan de leefberens yn it doarp foar elkenien.
Haskerdiken is oansletten by de PKN-gemeente It Hearrenfean. Alle moannen wurdt der in tsjinst fierd yn de tsjerke fan Haskerdiken.
Oant 2016 wie 'It Fiifde Sté' de iepenbiere basisskoalle fan it doarp. De bern kamen fral út Haskerdiken en Nijbrêge, mar ek út de himrikken fan oanbuorjende plakken. De basisskoalle waard fanwegen it lytse tal bern sletten.
(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Haskerdiken-Nijbrêge. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)
Jier | 1840 | 2013 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|
Ynwenners | 304 | 400 | 395 | 395 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids; 2009: 2015 en 2020: Alle Cijfers)
Sjoch: strjitten yn Haskerdiken mei ferklearring fan de nammen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.