![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/d/db/2023_Hantumerhoeke%252C_Fennewei%252C_eardere_grifformearde_tsjerke.jpg/640px-2023_Hantumerhoeke%252C_Fennewei%252C_eardere_grifformearde_tsjerke.jpg&w=640&q=50)
Hantumerhoeke
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hantumerhoeke is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Hantumerhoeke leit eastlik fan Hantum, súdwestlik fan Hantumhuzen, noardwestlik fan Bierum en benoarden Raarderterp. De buorskip leit yn de himrikken fan Hantumhuzen en Hantum.
Fluch de feiten
Hantumerhoeke | ||
![]() | ||
Polityk | ||
Lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 21 (2021) | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 21' N 5° 58' E | |
Offisjele webside | ||
Side 4hdoarpen | ||
Kaart | ||
Slute
De bebouwing fan de buorskip leit oan de Fennewei, de Bangawei en de Dokkumerwei. De kearn bestiet út 13 adressen oan de Fennewei, 1 adres oan de Bangawei en 5 adressen oan de Dokkumerwei. It grutste part fan de buorskip leit yn de himrik fan Hantumhuzen (16 adressen fan de 19).