Raarderterp
From Wikipedia, the free encyclopedia
Raarderterp is in buorskip dy’t yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Raarderterp leit súdeastlik fan Hantum en benoarden Dokkum. Raarderterp leit yn de himrik fan Hantumerútbuorren.
De bebouwing fan de buorskip leit oan de Dokkumerwei, Griene Reed en de Miedwei.
Besuden lâns de buorskip rint de Alde Peazens dy’t ek de grins foarmet mei de himrik fan Ealsum. De kearn bestiet út 2 adressen oan de Dokkumerwei, 2 adressen oan de Griene Reed en 1 adres oan de Miedwei.