From Wikipedia, the free encyclopedia
De hagekrûperfûgels (Sylviidae) binne in famylje yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Earder waarden de Sylviidae ûnder de gebrûksnamme sjongers sjoen as yn hiel grutte famylje dy 't ûnder oaren ek de imerkesjongerfûgels, reidsjongerfûgels, bosksjongerfûgels en goudtoefkes omfatte, en as sjongers oantsjut waard. De oare groepen foarmje tsjintwurdich likwols aparte famyljes, resp. Locustellidae, Acrocephalidae, Phylloscopidae en Regulidae. Oant koartlyn sieten alle hagekrûperfûgels in ien inkel skaai, Sylvia, mar de measten foarmje no in apart skaai Curruca. De famylje telt 33 soarten.
Hagekrûperfûgels | ||
Nettelkrûper (Sylvia atricapilla) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
lytsskift: | sjongers fan de Alde Wrâld (Sylviida) | |
boppefamylje: | echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) | |
famylje: | hagekrûperfûgels (Sylviidae) | |
Leach, 1820 | ||
De hagekrûpers libje yn de bosken en tichte strûken, guon soarten komme ek graach by de minsken yn de tún. Sy binne faak wer te kennen oan harren lúde en karakteristike sjongen.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.