De Haadtsjerke fan 'e Russyske Striidkrêften is in oan 'e opstanning fan Kristus wijd tsjerkegebou (Russysk: Главный храм Вооружённых сил России (Храм Воскресения Христова)). De tsjerke stiet yn it rekreaasjepark 'Patriot' west fan Ruslân's haadstêd Moskou yn 'e oblast Moskou en waard boud yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum fan 'e Russyske oerwinning fan 'e Grutte Patriottyske Kriich. De wijing fan 'e tsjerke wie in ûnderidel fan it festiviteiteprogramma fan dat jubileum.

Fluch de feiten
Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften

Главный храм Вооружённых сил России

Thumb
Lokaasje
lân Ruslân
oblast Moskou
plak Kûbinka
koördinaten56° 19' N 44° 02' E
Arsjitektuer
boujier2018-2020
Webside
Side katedraal
Kaart
Thumb
Haadtsjerke fan de Russyske Striidkrêften
Slute

Lokaasje

De tsjerke stiet yn it noardlik diel fan it rekreaasjepark Patriot yn de russyske stêd Kûbinka, likernôch 60 kilometer westlik fan Moskou.

Skiednis

Thumb
Presidint Pûtin en patriarch Kyrill op de dei fan 'e seremoanje foar it lizzen fan de earste stien.

De plannen foar de bou fan 'e haadtsjerke foar de striidkrêften fan Ruslân waarden yn 2018 ôfkundige. It inisjatyf gyng werom op 'e Minister fan Definsje, Sergej Sjojgû, dy't tegearre mei Vladimir Pûtin yn 2018 ek de earste stien lei.[1]

De tsjerke waard boud mei help fan jeften fan û.o. de Russyske regisseur Nikita Michalkov en de sportman Vjatsjeslav Fetissov, mar ek de Steat en wapenbedriuwen soene yn de bou ynvestearre ha. Mei-inoar hat de bou fan it tsjerkegebou sa'n seis miljard rûbel (likernôch 75 miljoen euro) koste.

De iepening fan 'e katedraal soe op 9 maaie 2020 plakfine, op 'e dei dat it 75 jier lyn wie dat de Twadde Wrâldkriich yn Ruslân einige. Fanwegen de COVID-19-pandemy waard de iepening ferskood nei 14 juny 2020. By de ynwijing wiene de Minister fan Definsje Sergej Sjojgû en patriarch Kyrill oanwêzich.

Arsjitektuer

De tsjerke bestiet út in tsjerkegebou mei in oangrinzgjende klokketoer. Mei-inoar telt de tsjerke seis sipelfoarmige gouden koepels. De sintrale haadkoepel fan 'e katedraal is 89,5 meter heech en dêrmei is it gebou ien fan 'e fiif heechste tsjerken yn Ruslân.

Thumb
Ynwijingplechtichheid fan 'e katedraal.

De ôfmjittings fan 'e boudielen ferwize somtiden nei histoaryske gegevens. De haadkoepel hat in trochsnit fan 19,45 meter, it jiertal dat de Twadde Wrâldkriich einige. De Dútsk-Sovjetyske kriich duorre 1418 dagen en ien fan 'e koepels is 14,18 meter heech. De klokketoer waard net heger as 75 meter om't de tsjerke yn it ramt fan it 75-jierrich jubileum boud waard. De muorren krigen legergriene kleuren en it glês-yn-lead yn it ferwulft is fersierd mei militêre oarders. Yn 'e trêden fan 'e haadyngong binne wapens fan 'e Dútske Wehrmacht ynboud, dy't it Reade Leger op 'e Dútsers bút makke. De fan metaal makke twadielige tagongsdoar wurdt fersierd mei de ryksearn. Yn 'e earn stekt in swurd, dat tagelyk as de greep fan 'e doar tsjinnet.[2]

Yn 'e tsjerke binne mozaïken oanbrocht fan û.o. hilligen, Russyske foarmannen en militêre oantinkens.[3]

It gebou jout plak oan 6.000 minsken en hat in totaal oerflak fan 10.950 m².[4]

Boarnen, noaten en referinsjes

Wikiwand in your browser!

Seamless Wikipedia browsing. On steroids.

Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.

Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.