Hélène Boucher
From Wikipedia, the free encyclopedia
Hélène Boucher (Parys, 23 maaie 1908 – Guyancourt, 30 novimber 1934) wie in Frânsk piloate.
Hélène Antoinette Eugénie Boucher wie de dochter fan Léon Boucher, in arsjitekt út Parys, en fan Élisabeth Hélène Dureau. Hélène helle har fleanbrevet yn juny 1932. Sy wie in learling fan Michel Détroyat. July 1932 die hja mei oan in loftwedstriid tusken Caen en Deauville. Om reden fan technyske problemen moast se in needlâning meitsje yn in bosk. Boucher rekke net ferwûne.
Hélène Boucher, dy't ferskate wrâldrekords festige mei fleantugen fan Caudron (û.o. it hichterekord foar frouljuspiloaten yn augustus 1933 dat hja 32 jier hâlde soe), hie ek in kontrakt by Renault om de Renault Viva Grand Sport oan te rekommandearjen. Dêrtroch wie se finansjeel ûnôfhinklik.
Op 8 augustus 1934 festige Hélène Boucher it snelheidsrekord oer 100 km (412 km/o) en in rekord oer 1000 km mei in trochsneed faasje fan 409 km/o mei in Caudron-Renault. Op 11 augustus heakke sy it snelheidsrekord foar frouljuspiloaten dêr oan ta (445 km/o).
Sy ferlear it libben by in ûngemak mei in Caudron Rafale yn Guyancourt op 30 novimber 1934. Sy wie de earste frou dy't yn it Hôtel des Invalides yn Parys opbierd waard en waard postúm beneamd ta ridder fan it Légion d'honneur.