From Wikipedia, the free encyclopedia
De Grumman TBF Avenger (mei de oantsjutting TBM foar de tastellen makke troch General Motors) wie in Amerikaanske torpedobommesmiter dy't yn de Twadde Wrâldoarloch tsjinne yn de kriten om de Stille Oseaan hinne. De Avengers wien stasjonearre op fleandekskippen en op militêre fleanfjilden dy ûnder de Amerikaanske marine stienen. De Avenger waard ûntwurpen as opfolger fan de Douglas TBD-1 Devastator dy't om 1939 hinne ferâldere rekke.
Grumman TBF Avenger | |
---|---|
Rol | Torpedo-bommesmiter |
Makker | Grumman, General Motors |
Earste flecht | 7 augustus 1941 |
Yn tsjinst | 1942 |
Ut tsjinst | Sechtiger jierren |
Tal makke | 9.839 (1942 oant 1945) |
Grutste brûkers | Feriene Steaten, Kanada, Nij-Seelân |
Farianten | |
De Nederlânske Marine Loftfearttsjinst hie yn de jierren 50 78 Avengers yn trije ferskillende útfierings yn tsjinst. Dat wiene 34 stiks TBM-3 S2, 24× TBM-3W2 en 20× TMB-3E/TMB-3E2. [1] De S en W-typen foarmen de kearn fan de ûnderseeboatbestriding en in grut part waard oan board fan de Karel Doorman stasjonearre.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.