From Wikipedia, the free encyclopedia
De Gracie Awards binne in groep fan rom 40 Amerikaanske prizen fan, foar en oer froulju dy't sûnt 2005 elts jier útrikt wurde oan persoanen dy't in foarbyldige bydrage levere hawwe oan 'e elektroanyske media.
Gracie Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | elektroanyske media | |
útrikt troch | AWM Foundation | |
frekwinsje | 1x jiers | |
datum | wikseljend | |
plak | Los Angeles (Kalifornje) en New York (New York) | |
ynsteld | 2005 | |
1e útrikking | 2003 | |
offisjele webside | ||
www.thegracies.org |
De útrikking fan 'e priis is yn 'e hannen fan 'e Alliance for Women in the Media Foundation (AWM), en de prizen binne ferneamd nei de Amerikaanske komediënne Gracie Allen. De útrikkingsseremoanje is twadielich en bestiet út in formeel jûnsgala en in folle ynformelere lunchgearkomste. Op it jûnsgala, dat ornaris holden wurdt yn it Beverly Hilton Hotel yn Los Angeles, wurde de lanlike prizen útrikt dy't de hiele Feriene Steaten beslane. Op 'e lunchgearkomsten, yn New York, wurde pleatslike en regionale prizen útrikt en wurdt online- en studintewurk bekroane.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.