From Wikipedia, the free encyclopedia
Gerhard Willem Spitzen (Stedskanaal, 13 novimber 1864 – Ruurlo, 13 maart 1945) wie in Nederlânsk skriuwer en dichter yn ie Grinslânsk.
Gerhard Willem Spitzen | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Geert Teis Pzn | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 1864 | |
berteplak | Stedskanaal | |
stoarn | 1945 | |
stjerplak | Ruurlo (Gelderlân) | |
wurk | ||
taal | Grinslânsk | |
sjenre | poëzij, proaza en toanielstikken | |
bekendste wurk(en) | Grinslânsk folksliet | |
offisjele webside | ||
gjin |
Gerhard Willem Spitzen is better bekend wurden ûnder de skriuwersnamme Geart Teis Pzn., in anagram foar Geert Spitzen. Hy waard op 13 novimber 1864 yn Stedskanaal berne as soan fan Johannes Spitzen Henderikus en Wilhelmina Catharina Hegge. Hy groeide op yn 'e Kanaalstreek. Syn heit wie dêr ferfeanter en winkelman en tagelyk riedslid fan de gemeente Wildervank, dêr't it stik fan Stedskanaal, dêr't de Spitzens wennen, ta behearde. Nei de kweekskoalle yn 's-Hertogenbosch waard er learaar Dútsk en Nederlânsk. Hy is benammen bekend wurden troch it skriuwen fan poëzij, ferhalen en toanielstikken yn it Grinslânsk.
Bekende gedichten fan him binne ûnder mear it Grinslânsk folksliet "Van Lauwerszee tot Dollard tou" en de "Knoalster Lorelei" mei de bekende rigels: "Ik wait nait, wat zel 't toch beduden, dat ik zo miesderig bin". In toanielstik fan syn hân dat faak yn it Grinslânsk opfierd waard, is "Dizzepie-dizzepu".
Spitzen liet him ek kenne as in wichtich promotor fan de Grinslânske taal. Hy waard yn 1918 redakteur fan it nije moanneblêd fan de feriening "De Grunneger Sproak". It wie syn fertsjinste dat it him slagge de ferskate tydskriften foar de Grinslânske taal en kultuer te bondeljen yn in nij tydskrift, "Groningen", in yllustrearre moanneblêd foar skiednis, streektaal, keunst, yndustry en lânbou, dêr't Spitzen sels de earste haadredakteur fan waard.
Spitzen wie yn syn jonkheid in tiid- en plakgenoat fan de komponist Cornelis Dopper, dy't er neffens Joop Stam, de biograaf fan Dopper, bot bewûndere.[1]
Spitzen wenne it grutste part fan syn libben yn ferskate plakken bûten Grinslân. Hy troude op 20 desimber 1894 mei âld-buorfamke Jantina Brouwer út Stedskanaal. Ut dat houlik waard yn 1896 in soan berne, Derk Gerard Willem Spitzen, de lettere sekretaris-generaal en minister fan Ferkear en Wettersteat.
Spitzen stoar noch foar de ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn 1945 yn it Gelderske Ruurlo.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.