George I fan Grut-Brittanje
From Wikipedia, the free encyclopedia
George I Loadewyk (Dútsk: Georg Ludwig, Ingelsk: George Louis) (Hannover, 28 maaie 1660 - Osnabrück, 11 juny 1727) wie fan 23 jannewaris 1698 ôf karfoarst fan it Karfoarstendom Breunswyk-Lüneburg (Hannover) yn it Hillige Roomske Ryk. Op 1 augustus 1714 waard er ek kening fan Grut-Brittanje en Ierlân.
George I fan Grut-Brittanje | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
George I Loadewyk | ||
nasjonaliteit | Hannoveraansk Britsk | |
bertedatum | 28 maaie 1660 | |
berteplak | Hannover, Karfoarstendom Hannover, Hillige Roomske Ryk | |
stjerdatum | 11 juny 1727 (67 jier) | |
stjerplak | Osnabrück, Prinsbisdom Osnabrück, Hillige Roomske Ryk | |
dynasty | Hûs Hannover | |
karfoarst fan Hannover | ||
regear | 23 jannewaris 1698 - 11 juny 1727 | |
foargonger | Ernst August | |
opfolger | George II | |
hartoch fan Saksen-Lauenburg | ||
regear | 1705 - 11 juny 1727 | |
foargonger | George Willem | |
opfolger | George II | |
kening fan Grut-Brittanje en Ierlân | ||
regear | 1 augustus 1714 - 11 juny 1727 | |
foargonger | Anna | |
opfolger | George II |
George waard berne yn Hannover, de doetiidske residinsje fan de hartoggen fan it Hartochdom Breunswyk-Lüneburg yn it hjoeddeistige Nedersaksen yn Dútslân, as soan fan Ernst August en Sofia fan Hannover. George erve alle titels en gebieten fan syn heit en syn omkes. In rige Jeropeeske oarloggen late ta de útwreiding fan syn Dútske gebieten, en yn 1708 waard er bekrêftige ta karfoarst fan Hannover. Nei it ferstjerren fan syn mem, en fan syn efternicht Anne, keninginne fan Grut-Brittanje en Ierlân, yn 1714 kaam George, as earste monarch fan it Hûs Hannover op de Britske troan. Om't de Act of Settlement fan 1701 it ferbea dat katoliken de Britske troan bemachtigje koene, wie George it tichtst besibbe protestantske famyljelid. As andert dêrop besochten de Jakobiten George ôf te setten en him te ferfangen mei Jakobus Frâns Edwert Stuart, de katolike healbroer fan Anne.
Under de hearskippij fan George, naam de macht fan de Britske monargy ôf en sette de oergong nei it regearjen troch in kabinet útein. Oan de ein fan syn hearskippij kaam de wiere macht yn hannen fan Robert Walpole, dy't winliken de earste Britske de facto minister-presidint waard. George ferstoar oan in oerhaal yn in reis nei Hannover, dêr't er ek begroeven waard.