Gemeente (Dútslân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De gemeente yn Dútslân (Dútsk: Gemeinde of Kommune) is de leechste bestjoerslaach. Yn jannewaris 2021 wiene der 10.790 selsstannige stêden en gemeenten, dêr't der 2.054 stêden fan binne. In gemeente en stêd kinne de twadde, tredde, fjirde of fyfde laach wêze, ôfhinklik fan de status fan de gemeente en de dielsteat, dêr't de gemeente yn leit. Yn de stedssteaten Berlyn en Hamburch binne se de twadde laach, om't de stêden net allinnich in gemeente, mar ek in dielsteat foarmje. Ek yn Bremen foarmje se de twadde laach, mar dy dielsteat bestiet út twa stêden.
Yn de oare dielsteaten steane de gemeenten ûnder de bestjoerslaach fan de lânkring - Landkreis, of yn Sleeswyk-Holstein en Noardryn-Westfalen, en earder yn Prusen Kreis neamd. Guon gemeenten binne yn gemeenteferbannen - Gemeindeverband, yn Nedersaksen Samtgemeinde, oansletten, dêr't se guon administrative taken mei-inoar diele.
Ornaris wurde stedsgemeenten oantsjutten as Stadt en plattelânsgemeenten as Gemeinde. De heechste mjitte fan selsstannigens fan in gemeente binne de stêden dy't net in part fan in lânkring binne, de Kreisfreie Stadt (kringfrije stêd). Yn guon dielsteaten hawwe se, ôfhinklik fan harren grutte, mear selsstannigens, sa as de Große Kreisstadt (grutte kringstêd).
De grutste gemeente is Berlyn, mei likernôch 3.600.000 ynwenners, en de lytste gemeente is Groue yn Noard-Fryslân mei 11 ynwenners.