Ganges
From Wikipedia, the free encyclopedia
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Ganges is de grutste en meast wichtige rivier fan Yndia en Bangladesj mei in totale lingte fan 2510 km. Hy begjint op de Gangotrigletsjer yn de Yndiaaske steat Uttarakhand, tichteby de grins mei de Sineeske autonome regio Tibet, en mûnet út yn de Golf fan Bengalen.
Ganges | ||
Ganges yn Varanasi | ||
geografy | ||
lân | Banglades Yndia | |
ûntspringt yn | Gangotrigletsjer | |
lokaasje boarne | 30° 50' NB, 79° 10' EL | |
mûnet út yn | Gangesdelta yn de Golf fan Bengalen | |
lokaasje mûning | 22° 42' NB, 89° 40' EL | |
plakken | Kanpur, Allahabad, Varanasi, Patna | |
sifers | ||
lingte | 2510 km | |
hichte boarne | 475 m | |
hichte mûning | 6 m | |
ôfwetteringsgeb. | 975.000 km² | |
ôffier (mûning) | 12.037 m³/s |
De delling fan de Ganges is tichtbefolke; likernôch in tredde part fan de Yndiaaske befolking libbet dêr. Guon wichtige stêden dy't aan de haadstream fan de Ganges lizze binne Farrukhabad, Kanpur, Allahabad, Vanarasi, Patna en Chandpur. Oan sydrivieren en ôfspjaltings fan de Ganges lizze ûnder oaren Delhi, Lucknow, Daka en Kalkutta.
Yn it suden is de rivier tige ôfspjalte. Yn de Gangesdelta is in grut tal eilannen, lykas Dakhin Shahbazpur, Hatia, Súd-Hatia en Sandwip. De gânse delta fan de Ganges en de Brahmaputra omfiemet suver gâns Bangladesj.
Foar de hindoes is de Ganges in hillige rivier. Hindoes ferearje de riviergoadinne Ganga, dêr't om de tolve jier in festival fan 55 dagen foar fierd wurdt.[1] Ek bûten it festival om lûke elts jier miljoenen hindoes nei stêden oan de Ganges om harren siel te suverjen troch harren yn de rivier te waskjen. As hindoes komme te ferstjerren, wurde se kremearre. Harren jiske wurdt dêrnei as it kin yn de Ganges smiten.
De gaviaal en de gangesdolfyn komme yn de rivier foar.
De Ganges is ien fan de meast fersmoarge rivieren yn 'e wrâld. Yn 2011 stelde de Wrâldbank 1 miljard dollar ta beskikking foar it skjinmeitsjen fan de Ganges.[2] De fersmoarging wurdt feroarsake troch húskeguod, fan minskilik komôf en gemysk guod. Troch it op in soad plakken ûntbrekken fan rioel komt de trochgong fan de bewenners om de rivier hinne gauris streekrjocht yn de rivier telâne. Tagelyk wurdt it rivierwetter brûkt om te itensieden en om yn te badzjen, itjinge foar ûnbidich grutte sûnenssrisiko's soarget.[3]
Ein maart 2017 joech it heechgerjochtshôf fan de Yndiaaske dielsteat Uttarakhand rjochtspersoanlikheid oan twa rivieren, de Ganges en de Yamuna. Yn de praktyk wurdt it hanthavenjen lykwols yn hannen lein fan deselde oerheid dy't it riviermilieu niet behoedzje koe.[4]
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.