Frysktalige literatuer
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fryske literatuer is in samling fan Fryske literêre wurken.
De earste skreaune wurden binne oerlevere op runeynskripsjes út it tiidrek 500-800. De earste teksten skreaun yn it Frysk ferskynden yn de 13e iuw. Dy teksten binne oerlevere yn wetboeken en oarkonden. Healwei de 16e iuw wurde der gjin rjochtsteksten mear skreaun. Fan de iuwen dêrnei binne ferhalen, rym- en sprekwurden, gelegenheidsfersen en psalmen oerlevere. It hichtepunt fan de literatuer tusken 1550 en 1800 wie Gysbert Japiks (1603-1666). Yn de tiid fan de romantyk brûke ferskillende skriuwers it wurk fan Japiks noch as foarbyld. De tiid fan de romantyk wie yn de Fryske literatuer it momint dat Fryske literêre wurken wer op in heech nivo ferskynden. Yn de 19e en 20e iuw ferskynden literatuerprizen, literêre tydskriften en selsskippen. 1945 wie it jier dat de saneamde bining tusken skriuwers en de Fryske beweging 'ferbrutsen' waard.