From Wikipedia, the free encyclopedia
De frijmitselerij of maçonnerie is in genoatskip fan minsken dy't stribje nei geastlike en morele ferheffing, ûnderlinge wurdearring en help fan wjerskanten.[1] De leden wurde frijmitselers of (franc-)maçons neamd.[2] It hat as doel de mins himsels kennen te learen en te bewegen him foar in bettere mienskip yn te setten. De frijmitselder leart himsels stap foar stap kennen, troch nei te tinken, mei oaren te redendielen en rituelen te ûndergean dy 't dy ynderlike groei oanjouwe. De earste grutlôzje waard foarme om 1717 yn Londen, wêrmei't de frijmitselderij him organisearre yn de foarm sa't dy hjoed de dei bestiet. Yn Fryslân wurdt it wurd lôzje as synonym foar frijmitselderij brûkt. De besletten gearkomsten wienen oarspronklik allinnich tagonklik foar manlju, mar der besteane tsjintwurdich ek mingde en eksklusyf froulike lôzjes mar dy lêste beide wurde net "offisjeel" erkend.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.