Friedrich Ludwig Hauck
From Wikipedia, the free encyclopedia
Friedrich Ludwig Hauck (Homburg vor der Höhe, 10 augustus 1718 - Offenbach am Main, 4 oktober 1801) wie in Dútske portret- en miniatuerskilder.
Friedrich Ludwig Hauck wie in soan en nei alle gedachten ek in learling fan de lettere karfoarstlike hofskilder Johann Jacob Hauck. Hy festige him yn 1744 yn Frankfurt am Main as portret- en miniatuerskilder nei't er lange reizen troch Dútslân en Ingelân makke hie. Yn 1752 waard er sjuerylid fan it skildersgilde. Letter wurke er tegearre mei syn soan, de skilder Johann Ludwig Hauck (1759-1797), yn Nederlân yn de provinsjes Fryslân en Grinslân.
Friedrich Ludwig Hauck makke benammen portretten en konversaasjestikken neffens Nederlânsk foarbyld.