![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b3/FrancescoCarotta.jpg/640px-FrancescoCarotta.jpg&w=640&q=50)
Francesco Carotta
From Wikipedia, the free encyclopedia
Francesco Carotta (Feneetsje, 1946) is in Italjaanske eardere IT-ûndernimmer [1], publisist en yngenieur,[2] en ek in ûnôfhinklik taalkundige en filosoof.[3] Carotta is mei-oprjochter fan de Dútske krante die Tageszeitung.[4] As auteur is er bekend wurden mei syn kontroversjele teory dat de teksten oer Jezus (fan Nazaret) ôfkomstich binne út de boarnen oer Julius Caesar. Nei in stikmannich publikaasjes yn blêden en de kranten Stadtzeitung für Freiburg (april 1989) en die tageszeitung (Berlyn, 23-12-1991), publisearre Carotta syn fyzjes yn de boeken War Jesus Caesar? 2000 Jahre Anbetung einer Kopie (1999) en yn wittenskiplike tiidskriften sa as it Italjaanske Quaderni Di Storia, Il Cesare incognito - Da Divo Giulio a Gesù (2003).[5] De teory waard ek oerset yn it Nederlânsk, Ingelsk en Spaansk.[6]
![]() Sjoch op de oerlisside foar mear ynformaasje en pas nei kontrôle it artikel oan. |
---|
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/b/b3/FrancescoCarotta.jpg/320px-FrancescoCarotta.jpg)
![](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/fy/thumb/d/de/Francesco_Carotta_mei_%C3%BAtjouwer_Pierik_7.jpg/640px-Francesco_Carotta_mei_%C3%BAtjouwer_Pierik_7.jpg)