From Wikipedia, the free encyclopedia
Fokke Sierksma (Dantumawâld, 30 maaie 1917 - Leiden, 22 augustus 1977) wie in Nederlânsk teolooch, godstsjinstpsycholooch, tibetolooch, essayist en dichter.
Hy waard grut yn in ortodoks-herfoarme fermidden as in soan fan Dokkumer garaazjehâlder Rypke Sierksma en Janke Krol. Nei it gymnasium yn Ljouwert gie Sierksma yn 1936 nei de Ryksuniversiteit Grins te studearjen. Troch it útbrekken fan de oarloch heakke de stúdzje wat, dat it ôfstudearjen wie earst yn 1945 by Gerardus van der Leeuw, by wa't er yn de oarlochsjierren klandestyn syn haadfak dien hie.
Yn de Twadde Wrâldkriich wie Sierksma aktyf by it ferset; ûnder oaren harke er de ferhoaren en folteringen troch de SD ôf. Yn 1944 hearde Sierksma ta de oprjochters fan it yllegale tydskrift Podium. Ek nei de oarloch siet Sierksma yn de redaksje fan Podium. Yn syn essays en gedichten ferwurke er wat er yn dy tiid meimakke hie. Dy ûnderfinings foarmen ek it ûnderwerp fan in filmsenario dat Sierksma skreau ûnder de skûlnamme Frank Wilders. De film is der lykwols nea komd.
Nei de oarloch krige Sierksma in oanstelling by de Universiteitsbibleteek fan de Ryksuniversiteit Grins. Yn de jierren oant 1955 waard er bekend as essayist. Hy makke him doe los fan syn kristlike eftergrûn sa't út syn wurk bliken die. Hy skreau oer keunst, literatuer en poëzij. Ek fersoarge er in literêre rubryk op Radio Oost Noord Oost (RONO). Neist syn warberens op literêr mêd die er ek wittenskiplike arbeid. Yn 1963 waard Testbeeld bekroane mei de Henriette Roland Holst-priis. Dizze publikaasje wie in bewurking fan in deiboek oer telefyzjeprogramma's dy't er sjoen hie doe't er in rêstkuer hâlde. Yn de jierren 1965 en 1967 levere Sierksma bydragen oan De Nieuwe Linie.
Sierksma promovearre yn 1950 cum laude oan de Ryksuniversiteit Grins op syn proefskrift Phaenomenologie der religie en complexe psychologie. Syn promotor wie prof. J. Lindeboom.
Yn 1953 waard Sierksma beneamd as wittenskiplik haadmeiwurker oan de teologyske fakulteit fan de Ryksuniversiteit Leien op it mêd fan godstsjinstskiednis en godstsjinstfenomenology.
Foaral it ferklearjen fan ritueel gedrach en godstsjinstige foarstellingen hie er niget oan. Hy ûntwikkele dêrfoar it begryp 'religieuze projeksje'. Yn syn ûndersyk behelle er ek de oerienkomsten tusken bistegedrach en dat fan minsken.
Sierksma beseach it ferskynsel religy fanút de psychoanalyse en behelle der ek biologysk en eksperiminteel ûndersyk yn. Dizze eigensinnige oanpak kaam him op in soad krityk te stean yn teologyske fermiddens.
Konflikten mei kollega's koene net útbliuwe en Sierksma syn posysje oan de universiteit kaam ûnder druk te stean. Dêr kaam noch by dat Sierksma in kompleks karakter en in alkoholferslaving hie.
Nei 1967 die bliken dat Sierksma's oanpak goed oansleat by de studinten.
Yn 1972 waard Sierksma min of mear rehabilitearre yn de foarm fan in beneaming ta lektor en letter ta heechlearaar (1973).
Sierksma wie in fûl foarstanner fan de skieding fan tsjerke en steat en fan in wittenskiplik benei kommen fan de teology. Ek dat joech skeel yn it teologyske rûnten..
It argyf fan Sierksma hat de Keninklike Bibleteek te Den Haach op 'e noed.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.