From Wikipedia, the free encyclopedia
Flagstaff (Navajo: Kinłání) is in plak (city) yn de Amerikaanske steat Arizona. It is ek it haadplak fan Coconino County.
Flagstaff | ||
Sintrum fan Flagstaff. Yn de fierte it San Fransiskoberchtme | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Arizona | |
County | Coconino | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 65.870 (2010) | |
Oerflak | 165,4 km² | |
Befolkingsticht. | 398,2 / km² | |
Stêdekloft | 134.421 | |
Hichte | 2106 m | |
Oar | ||
Tiidsône | MST (UTC-7) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
(in) City of Flagstaff, Arizona |
Neffens it United States Census Bureau beslacht it plak in oerflak fan 164,8 km², dêr't 164,7 km² fan lân en 0,1 km² oerflaktewetter is.
Flagstaff leit op in hichte fan 2121 m boppe seenivo oan de foet fan it 'San Francisco'-berchtme yn it súdwesten fan it Kolorado Plato. Flagstaff is in útfalsbasis foar toeristen dy't nei de protte natuerparken yn de regio wolle dêr't ek de Grand Canyon ta heart.
De stêd hat in relatyf koel soarte fan heal-woastynklimaat mei frijwat mylde simmers en strange winters. De temperatuer komt simmerdeis oant sa'n 27 °C ta.
Op sa'n 55 km eastlik fan Flagstaff leit de Barringerkrater. Dat is de meast ferneamde ynslachkrater op Ierde. De Grand Canyon leit tichtby. Flagstaff waard de populêrste tuskenstop foar toeristen dy't oer de Route 66 reizgen. By Seligman, bewesten Flagstaff, leit it meast lange stik oarspronklike Route 66. Flagstaff hat ek it Arboretum at Flagstaff.
Flagstaff hat in fleanfjild, Flagstaff Pulliam Airport en in stasjon foar treinen fan Amtrak.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.