Filainis fan Samos
From Wikipedia, the free encyclopedia
Filainis fan Samos (ek stavere as Philaenis; fl. 3e iuw f. Kr.) wie nei't it hiet de skriuwster fan 'e ierst bekende en tige ferneamde sekshânlieding út 'e Klassike Aldheid. Hja wurdt neamd yn mear as tsien boarnen út dat tiidrek en der wurdt oannommen dat hja in hetaira oftewol koertisane wie. De sekshânlieding sels waard lange tiid ferlern waand oant yn 1972 yn it Egyptyske Oksyrynchus trije koarte fragminten weromfûn waarden. Moderne saakkundigen geane der algemien fan út dat Filainis nea bestien hat, en dat har namme as mienskiplik pseudonym brûkt waard troch oare skriuwers fan erotyk.
Fluch de feiten
Filainis fan Samos | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Filainis | |
nasjonaliteit | Samioatysk | |
berne | 4e iuw f.Kr. | |
berteplak | Samos | |
stoarn | 3e iuw f.Kr. | |
stjerplak | Samos | |
etnisiteit | Gryksk | |
wurk | ||
taal | Aldgryksk | |
sjenre | sekshânlieding | |
perioade | Hellenisme |
Slute