![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/3/32/Oxyrhynchos_map.gif/640px-Oxyrhynchos_map.gif&w=640&q=50)
Oksyrynchus
From Wikipedia, the free encyclopedia
Oksyrynchus (Οξύρυγχος; Gryksk foar 'mei in skerpe noas' ; Aldegyptysk Per-medjed, hjoed: El-Bahnasa) is in plak yn Egypte dêr't in protte archeologyske opgravings dien wurde. It wurdt beskôge as ien fan de wichtichste fynplakken op de wrâld. De ôfrûne hûndert jier hawwe sy yn omkrite fan Oksyrynchus oanhâlden oan it dolle west. Dêrtroch is in ûnbidich kolleksje teksten op papyrus ferkrige, út de Grykske en Romeinske tiden fan de Egyptyske skiednis. geschiedenis. Sa binne der û.o. toanielstikken fûn fan Menander en it Evangeelje fan Tomas, in wichtich ier gnostysk dokumint.
![]() |