Ferienfâldige Sineeske karakters
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ferienfâldige Sineeske karakters of koartwei ferienfâldige Sineesk (tradisjoneel Sineesk: 簡體字 of 簡體中文; ferienfâldige Sineesk: 简体字 of 简体中文; pinyin-transliteraasje: jiǎntǐzì of jiǎntǐzhōngwén) binne standerdisearre Sineeske karakters dy't yn 'e 1950-er jierren en de 1960-er jierren yn 'e Folksrepublyk Sina ûntwikkele binne mei as bedoeling om it skriuwen fan Sineeske karakters makliker te meitsjen. Alle ferienfâldige karakters binne opnommen yn in standertlist, de Tabel fan de Algemiene Standert foar Sineeske Karakters, dy't opsteld is yn opdracht fan it regear fan 'e Folksrepublyk. Ferienfâldige Sineeske karakters foarmje de offisjele skriuwwize dy't propagearre wurdt troch de regearings fan Sina en Singapoer. Se wurde ûnderskaat fan 'e oarpronklike tradisjonele Sineeske karakters, dy't yn 'e measte oare lannen noch altyd yn gebrûk binne.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/2/27/Hanzi_%28simplified%29.png)