Eunuch
From Wikipedia, the free encyclopedia
In eunuch (útspr.: ['ønœx], likernôch: "eunuch"; meartal: eunugen, útspr.: ['ønœɣɘn], likernôch: "eunuggun")[1] is in oantsjutting foar in man of jonge dy't kastrearre is. It wurd is in ferbastering fan it Grykske εὐνοῦχος, evnouchos, mei deselde betsjutting. By sokke lju waard de kastraasje almeast op jonge leeftyd útfierd, ier genôch om grutte hormonale gefolgen te hawwen. Sa hiene eunugen in hege, 'froulike' stim, gjin of amper burdgroei en in oanlis om groulivich te wurden. Resint medysk ûndersyk hat oantoand dat eunugen trochinoar ek 13,5 jier langer libben as net-kastrearre manlju, mei't harren gebrek oan it hormoan testosteron derfoar soarge dat se har net of mar komselden oerjoegen oan riskant hâlden en dragen, lykas geweld. By de kastraasje waarden almeast de testikels ôfsnien, mar soms ek de penis, wat ta libbenslange ynkontininsje late. De eunuch-yn-wurding wie yn 'e regel in slaaf of in tsjinner, dy't oangeande syn kastraasje neat yn te bringen hie. It kaam ek wol foar dat de kastraasje, almeast by wize fan bestraffing foar in misdriuw, útfierd waard by in folwoeksen man. Yn sokke gefallen wiene der net folle hormonale gefolgen.