From Wikipedia, the free encyclopedia
Entûsjasme, ek besieling of fjoer, is in gemoedstastân wêrby't men jin drok en útskroeven hâldt en draacht en in protte genietet of grutte blydskip, belangstelling of goedkarring foar eat of immen fielt. As wurd komt 'entûsjasme' oarspronklik út it Aldgryksk, fan ἐνθουσιασμός, enthousiasmos, in gearstalling fan ἐν, en, θεός, theos, en οὐσία, oisia, mei de etymologyske betsjutting "beset troch de geast fan in god". Dy term waard histoarysk troch de Alde Griken brûkt foar it yn ferfiering reitsjen fan folgelingen fan Apollo of fan Dionysus. Dêrnjonken waard it wurd ek yn oerdrachtlike sin brûkt, om grutte útskroevenens en blydskip fan immen mei it iene of oare út te drukken. Yn 'e letterlike sin wie de betsjutting lykwols beheind ta religieuze ekstaze. De filosoof Sokrates learde dat de ynspiraasje fan dichters in foarm fan entûsjasme (d.w.s. ynjûn troch de goaden) is.
Ut dyselde betsjutting wei waard in fjirde-iuwske kristlike streaming yn Syrje de Entûsjasten neamd. Hja leauden nammentlik dat se troch oanhâldend gebed, asketyske praktiken en kontemplaasje ynspirearre reitsje koene troch de Hillige Geast, ek al wiene se troch de sûndefal bejeftige wurden in kweadaardige (minsklike) geast. Om't se sa yn 'e wurking fan it gebed leauden, waarden se ek wol de euchiten neamd. Ferskate protestantske sekten út 'e sechstjinde en santjinde iuw waarden ek 'entûsjast' neamd. Yn 'e tiid nei de Glorieuze Revolúsje fan 1688 wie de oantsjutting 'entûsjasme' yn it Keninkryk Ingelân in delbûgende term foar it iepentlik en fol fjoer oanhingjen fan in politike of religieuze saak, d.w.s. in synonym fan fanatisme. Om 1700 hinne waard sok 'entûsjasme' yn Ingelân nammentlik sjoen as de oarsaak fan 'e Ingelske Boargeroarloch út 'e 1640-er jierren.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.