El Cid (film)
From Wikipedia, the free encyclopedia
El Cid is in Amerikaansk-Italjaansk-Spaanske histoaryske biografyske romantyske oarlochs- en dramafilm út 1961 ûnder rezjy fan Anthony Mann. De film waard opnommen yn Technicolor, mei Charlton Heston en Sophia Loren yn 'e haadrollen. De titel ferwiist nei El Cid (±1043-1099), wiere namme: Rodrigo Díaz fan Vivar, in ferneamde histoaryske kriichshear út it Keninkryk Kastylje dy't yn Spanje noch altyd de status fan folksheld hat. De bynamme komt fan it Arabyske al-Sajid, dat "de Hear" betsjut. De plot fan 'e film folget El Cid by syn stoarmeftige romantyske relaasje mei de tsjeppe frouwe Ximena, syn belutsenens by de politike yntriizjes tusken de bern fan kening Ferdinand I fan Kastylje en Leön, en syn striid yn it selskip fan sawol kristlike Spanjerts as islamityske Moaren tsjin 'e ynvaazje troch Berberske bedoeïnen fan 'e Almoravidyske Dynasty út Noard-Afrika. El Cid krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar 3 Oscars en 3 Golden Globes, wêrûnder de Golden Globe foar Bêste Film – Drama.
El Cid | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Anthony Mann | |
produsint | Samuel Bronston | |
senario | Philip Yordan Fredric M. Frank Ben Barzman Bernard Gordon Diego Fabbri (Italjaanske ferzje) | |
kamerarezjy | Robert Krasker | |
muzyk | Miklós Rózsa | |
filmstudio | Samuel Bronston Productions Dear Film Produzione Aspa Films | |
distribúsje | Allied Artists (Feriene Steaten) Dear Film Produzione (Itaalje) Filmayer (Spanje) | |
spilers | ||
haadrollen | Charlton Heston Sophia Loren | |
byrollen | Douglas Wilmer Raf Vallone John Fraser Gary Raymond Geneviève Page Andrew Cruickshank Herbert Lom | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Itaalje Spanje | |
premiêre | 6 desimber 1961 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske biografyske roman- tyske oarlochs- en dramafilm | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 184 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $7 miljoen | |
opbringst | $26,6 miljoen (Noard-Amearika) |