![cover image](https://wikiwandv2-19431.kxcdn.com/_next/image?url=https://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/22/Externsteine_pano.jpg/640px-Externsteine_pano.jpg&w=640&q=50)
Externsteine
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Externsteine binne in formaasje fan sânstiennen yn it Teutoburgerwâld yn Dútslân, net fier fan de stêd Detmold yn Noardryn-Westfalen. De formaasje bestiet út in stikmannich lange stiennen (de heechste is 37,5 m), dy't samar yn ienen út it lânskip mei hichten ferrize. De sânstiennen binne yn it Kryt ûntstien, sa'n 120 miljoen jier lyn. De rotsformaasje is op himsels as natuermonumint al ymponearjend, mar der binne ek riedlings oan ferbûn, meidat dêr spoaren fan minsklik gebrûk út de midsiuwen, en mooglik sels út de prehistoarje, op fûn binne.
![Thumb image](http://upload.wikimedia.org/wikipedia/commons/thumb/2/22/Externsteine_pano.jpg/640px-Externsteine_pano.jpg)