Earste Brief fan Jehannes
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Earste Brief fan Jehannes, yn it oarspronklike Gryksk: Α' Επιστολή του Ιωάννου, Alfa Epistoli tou Ioannou, ek wol koartwei 1 Jehannes neamd, is it 23ste boek fan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It is de 18de fan 'e brieven, en de fjirde fan 'e Algemiene Seinbrieven. 1 Jehannes wurdt tradisjoneel taskreaun oan 'e apostel Jehannes (±6-±100), en de tekst komt kwa taaleigen en skriuwstyl sa bot oerien mei it Evangeelje fan Jehannes en de oare beide Jehanninyske brieven, dat de grutte mearderheid fan 'e saakkundigen it deroer iens is dat se fan 'e hân fan deselde skriuwer binne (de Iepenbiering fan Jehannes wykt folle mear ôf en oer it auteurskip dêrfan besteane dan ek mear twifels). Wêr't bibelwittenskippers en teologen it lykwols net oer iens binne, is oft de evangelist Jehannes, dy't dus dizze fjouwer geskriften skreaun hawwe moat, wol deselde wie as de apostel Jehannes. 1 Jehannes wurdt yn 'e regel datearre om 98 of 99 hinne. De earste folsleine Fryske oersetting fan 1 Jehannes wie fan 'e hân fan Eeltsje Boates Folkertsma, dy't him yn 1913 publisearre yn it tydskrift Yn Us Eigen Tael.
Earste Brief fan Jehannes | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Α' Επιστολή του Ιωάννου ("Alfa Epistoli tou Ioannou") | |
auteur | Jehannes (evangelist) | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 98 – 99 n.Kr. | |
bondel | Bibel | |
rige | ||
rige | Nije Testamint | |
● foarich diel | Twadde Brief fan Petrus | |
● folgjend diel | Twadde Brief fan Jehannes | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Earste Brief fan Jehannes | |
publikaasje | 1913, yn Yn Us Eigen Tael | |
oersetter | Eeltsje Boates Folkertsma |