From Wikipedia, the free encyclopedia
In apostel is ien dy’t út namme fan in oar der op út stjoerd wurdt en in boadskip oerbringt. De term wurdt foaral brûkt yn de Bibelske betsjutting, foar ien dy 't stjoerd is troch Jezus Kristus om it evangeelje te fersprieden.
Yn de Bibel wurdt skreaun oer de apostels fan Jezus:
De earste apostels wienen alve fan de tolve dissipels fan Jezus. Der wie ek noch in tolfde dissipel, Judas Iskariot mar hy hong himsels op. Hy waard opfolge troch Mattias. De alve apostels hawwe de lêste jierren fan Jezus libben op ierde fan tichtby meimakke. Sy hearden ta de binnenste rûnte fan syn oanhingers. Nei Jezus' werferskinen op ierde, begûnen de apostels it evangeelje te fersprieden yn Israel, Syrje en Súd-Jeropa. Ek Paulus neamde himsels in apostel, mar dy hie Jezus nea op ierde moete. Ynstee dêrfan wie er pas letter op in boppenatuerlike wize oanhinger wurden fan Jezus Kristus syn lear.
De apostels (yn alfabetyske folchoarder):
Net yn alle evangeeljes fan de Bibel wurde lykwols krekt deselde nammen brûkt.
Hjoed de dei wurdt de titel Apostel ek wol brûkt troch de wichtichste foargonger fan tsjerken dy’t harsels Apostoalyske Tsjerke neame.
Seamless Wikipedia browsing. On steroids.
Every time you click a link to Wikipedia, Wiktionary or Wikiquote in your browser's search results, it will show the modern Wikiwand interface.
Wikiwand extension is a five stars, simple, with minimum permission required to keep your browsing private, safe and transparent.